Sinteklaas yn Fryslân

novimber 12, 2009 15:27

Sneon 14 novimber komt Sinteklaas yn Fryslân oan en wol yn Ljouwert. Omrop Fryslân Televyzje is der by. Sy dogge streekrjocht ferslach fan ‘e yntocht. Renate Kuivenhoven docht de presintaasje

De yntocht duorret in oere en sil dêrnei de hiele middei werhelle wurde.

Op de yntocht fan Sinteklaas yn Ljouwert wurdt in Fryske strip oer Sinteklaas presintearre.

De strip ferskynt yn fiif ferskate dieltsjes. De boekjes binne tekene troch Aart Cornelissen. Hy skreaum, yn it Nederlânsk, ek de teksten. Dy binne letter oerset yn it Frysk.

De fiif stripboekjes binne ferfilme foar it berneprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Se binne te sjen fan moandei 30 novimber oant en mei sneon 5 desimber, alle kearen op ‘e reguliere tiid fan it berneprogromma, dus om 17.50 oere.

novimber 12, 2009 15:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.