Sinteklaas: wa leaut dêr net yn?

novimber 28, 2009 16:36

As bern leaude ik fêst yn Sinteklaas, wa docht dat net ? Ik wit my noch klear de Sinteklaasjûnen yn ‘t sin te bringen. Wat wie dat altyd spannend! It waar spile meastal mei; it wie tsjuster, damp of stoarmich. In inkelde kear mar skynde de moanne troch de beammen. Ik leaude ek dat Swarte Pyt op it dak klom en de pakjes troch de skoarstien smiet. En sels dat Sinteklaas mei it hynder op it dak rûn.

Op Sinteklaasjûn waarden de pakjes net troch de skoarstien smiten, mar waarden se mei in bulte geraas by ús foar de doar ôfset. Soms yn in sek, ek wol yn in hynder of yn in Sinteklaaspoppe ferstoppe. Wat wy krigen wit ik eins net mear. It wie it feest, dêr’t it om gie en wy wienen gau tefreden.

Doe’t ik âlder waard wie it Sinteklaasfeest hiel oars. Wy moasten sels oan de slach om kadootsjes te keapjen en foaral gedichten te meitsjen. It wienen hiele bysûndere jûnen mei mear gedicht as kado.

Wer letter doe’t ik sels bern hie, begûn it wer fan foaren ôf oan. Ús bern leauden ek yn Sinteklaas ek al hienen wy harren presys ferteld hoe’t it siet. Ik ûntdiek dat wy graach earne yn leauwe wolle. It feest is itselde bleaun allinne de kado’s binne feroare. Ús bern krigen al folle mear as wy eartiids en wy dienen der oan mei. Der stie wer in sek fol kado’s foar ús doar op Sinteklaasjûn.

En sjoch ris om jo hinne, it is allegear Sinteklazen: yn alle doarpen en stêden, yn de winkels, op de televyzje. Sels yn de bioskoop kinne jo in spannende film oer de goede Sint sjen. Wat jo al net oan Sinteklaas freegje kinne tsjinwurdich! En dan sizze in hiel soad minsken ek noch dat hja net yn him leauwe. De kommersje leaut yn alle gefallen wol yn Sinteklaas! Hja spylje der wer goed op yn.

No bin ik beppe en wer is it hast Sinteklaasjûn. Wy sille it fiere mei de bern en bernsbern. It feest is noch itselde mar al wer binne de kado’s feroare. En wat noch mear feroare is : it is dreech om in ferlanglistke te meitsjen. Men hat alles al. Sels guon lytse bern witte net mear wat hja freegje moatte.

Mar dochs: as Sinteklaas mei syn Piten wer by ús yn it doarp komt, dan wurd ik der wier wat oars fan en fernim ik, dat ik hillich yn him leau.

Lyske

novimber 28, 2009 16:36
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Shilpa novimber 30, 09:01

    In moai ferhaal!

  2. Leon desimber 5, 15:13

    Tige goed skreun. Ik bin it dêr hielendal mei iens.

  3. Klaske jannewaris 11, 16:09

    Ik leau ek, yn Sinteklaske. As ik net foar mysels opkom, krij ik hielendal neat. Ha jim dat dan net?

  4. ReadeKrêft novimber 19, 19:37

    ‘k dream hjirby wei. Kreas teltsje, sa noflik skreaun. 🙂 Mar sa njonkelytsen wurdt it yndied hieltyd kommersjeler. Sois. Foar lytse bern sil it neat útmeitsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.