Seks op ‘e toer

novimber 26, 2009 11:24

It liket wol in nije trend. Seks yn it iepenbier, op plakken dêr’t elkenien it sjen kin. Ferline wike waard in Australysk pear fotografearre op de klokketoer yn Sydney. Hoe’t sy dêr komme koenen is net bekend. It pear waard sjoen troch in protte minsken yn it drokke sintrum fan de stêd.

Op ferskillende forums op ‘t ynternet sizze ferskate manlju dat sy de mystearieuze leafhawwer wienen. Oft de echte dieder by ien fan de skriuwers sit, is net bekend. Oaren sizze dat it in eksamenstunt fan studinten wie.

Ek yn Barselona binne der problemen mei seksdronken manlju yn ‘e stêd. Drugsferslaafde froulju dogge de died foar in bytsje jild, midden yn ‘t sintrum fan Barselona. De politisy witte net wat se dwaan moatte, toeristen skrikke har dea. Prostitúsje is net ferbean yn Barselona, en de politisy wolle it no ek net ferbiede. Alle politike partijen binne fan betinken dat Barselona gjin sekshaadstêd wurde mei. De plysje yn Barselona wit it ek net mear. Neffens de statistiken wienen der yn 2006 mar 14 meldingen fan prostitúsje, yn 2009 binne it yn trochsnee  alle dagen sa’n 1,7.

novimber 26, 2009 11:24
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Gijs novimber 26, 12:34

    Typisch Frysk neis. No noch yn de Oldehove, dan dwaan wy wer mei in de wrâld.

  2. Joanna novimber 27, 14:12

    grappich

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.