Salm werom yn Waadsee

novimber 3, 2009 10:59

Sneintemoarn is yn de Waadsee foar it earst sûnt 50 jier salm fûn. Meiwurkers fan it NIOZ (Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee) fûnen de salm yn harren fûke by Teksel. De salm wie 83 sm grut. It NIOZ hat yn it westen fan de Waadsee in fûke stean, om te sjen wat dêr allegear libbet. Yn de Iselmar binne wol lytsere salmen fûn. Tweintich jier lyn is besocht om de salm werom te krijen yn de Ryn. De ûndersikers tinke dat de salm fan de Iselmar en Waadsee ta it neiteam fan de salm yn de Ryn rekkene wurde kin.

novimber 3, 2009 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.