Rjochtlike posysje fan Torrents

novimber 30, 2009 06:46

De Torrensite IsoHunt sil oan in Kanadeeske rjochter freegje oft syn aktiviteiten yllegaal binne. De torrentsite wol in útspraak fan de rjochter ha, sadat IsoHunt yn de takomst gjin problemen krijt mei auteursrjochteorganisaasjes. Behearder Gary Fung wol dat de rjochter IsoHunt as in sykmasine sjocht, dy’t net oanspraaklik is as der keppele wurdt nei torrentbestannen mei auteursrjochtlik materiaal, sa seit er op syn eigen foarum. Dêrom hat Fung in oanklacht yntsjinne.
It al of net yllegaal wêzen fan IsoHunt syn aktiviteiten moat yn de útspraak fan de rjochter komme te stean. As bliken docht dat de webside net yllegaal is, hat de Kanaadeeske auteursrjochteorganisaasje CRIA gjin juridyske basis om de rjochter om in ferbod fan de webside te freegjen. Fung hat ôfrûne wike al in oanklacht yntsjinne by de heechste rjochter fan de provinsje British Columbia.
Yn 2009 hawwe de torrentsites al aardich wat rjochtsaken ferlern. De grutste torrentsite The Pirate Bay ferlear yn Sweden en ek yn Nederlân ferlear TPB twa kear fan auteursrjochteorganisaasje Brein. Ek de Nederlânske torrentsite Mininova waard net troch de rjochter yn ’t gelyk steld en hat no sûnt in wike inkeld noch mar keppelings nei it eigen distribúsjesysteem, dêr’t tastimming foar jûn is troch rjochthawwenden.

novimber 30, 2009 06:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.