PvdA wol langer rjocht op WW

novimber 29, 2009 10:20

Wurknimmers dy’t ûnder de oanskerpe regeling falle foar dieltyd-WW, moate harren WW-rjochten hâlde. Oars driigje hja gau yn de bystân te kommen as se nei de ein fan ’e dieltyd-WW noch ûntslein wurde.

De PvdA-fraksje stie der fan ‘e moarn, yn debat oer dieltyd-WW yn de Twadde Keamer, by minister Piet Hein Donner (Sosjale Saken, CDA) op oan om de rjochten foar wurknimmers yn dieltyd-WW alhiel op te heljen. ‘It kin net sa wêze dat de wurkjouwers ûnder de oanskerpe regeling net straft wurde kinne en wurknimmers wol’, sei PvdA-keamerlid Roos Vermeij.

Minister Donner hat de kontroversjele ûntslachboete foar wurkjouwers by de twadde, oanskerpe regeling, dy’t sûnt de simmer funksjonearret, falle litten. No’t de kontroversjele boeteklausule fallen is, is it foar wurkjouwers makliker wurden om fan it personiel ôf te kommen. It momint der’t elts tsjinoan sjocht is dat in soad wurknimmers, dy’t op it stuit yn dieltyd-WW wurkje, noch ûnstlein wurde sa gau’t de regeling ôfrûn is. Donner sei ûnder it debat om ûndersykje te wollen oft der wurknimmers ûntslein binne nei it berêden fan de dieltyd-WW.

Sûnt de regeling yn maart dit jier ynfierd is hawwe 2300 bedriuwen in berop op de regeling dien. Om’t der in run fan oanfregen wie en it jild foar de regeling gau op drige te reitsjen, hat Donner it beslút naam de regeling foar juny oan te skerpjen. Sûnt july is it tal oanfragen oansjenlik minder; 1500 bedriuwen makken gebrûk fan de nije regeling. Yn totaal wurkje 35.000 wurknimmers yn dieltyd-WW.

Donner wol de regeling, dy’t formeel oan ’e ein fan it jier ophâldt, yn desimber evaluearje. Yn Dútslân, dêr’t goed 1,4 miljoen wurknimmers yn dieltyd-WW wurkje, wurdt de regeling mei 1,5 jier ferlinge om’t der rekken hâlden wurdt mei noch in dreech ekonomysk jier.

novimber 29, 2009 10:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.