Praat mar Frysk-Talestikker

novimber 21, 2009 10:49

Op in gearkomste fan Hannel & Yndustry by Gosse Wijnsma fan Gosse Wijnsma Keunststofkezinen yn Dokkum, waard de earste Praat mar Frysk-Talestikker oanbean oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Mear as 120 ûndernimmers út Dongeradiel wienen dêrop ôfkommen.
Mei it opplakken fan de talestikker is Gosse Wijnsma de earste ûndernimmer yn Fryslân mei de ienige echte talestikker fan Praat mar Frysk. De talestikker hat as doel om as bedriuw oan de klant dúdlik te meitsjen yn hokker taal de klant holpen wurde kin. Der binne njoggen talen beskikber. Under oare it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en it Steds-Frysk. De talestikker is te bestellen fia de webside fan Praat mar Frysk.

Boarne: www.praatmarfrysk.nl

novimber 21, 2009 10:49
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. André van der Meer novimber 22, 12:56

    Wol nuver dat dy Gosse Wijnstra dan in ynlieding hâldt yn it Hollânsk mei in fet Frysk aksint. Hy moat noch eefkes leare. Praat mar Frysk Gosse.

  2. Jabik novimber 24, 11:49

    De plakker fan de Ried fd Fryske Beweging is útnoegjender as wat de Afûk biedt:
    Wy helpe jo graach yn it Frysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.