Omrop Hollânsk by ramp
Resint ferskynd
Omrop Fryslân Radio soe yn it gefal fan in ramp yn it Hollânsk útstjoere moatte. Dat sei minister Plasterk fan Mediasaken tiisdei yn in debat yn de Twadde Keamerkommisje oer de takomst fan de regionale omroppen. Twa wike lyn kaam der by in ynsident by it suvelfabryk yn Dronryp salpetersoer frij. Troch de brânwacht waard Omrop Fryslân dêr as rampestjoerder by ynskeakele. De berjochtjouwing waard dêrby yn it Frysk èn yn it Hollansk dien.
Dat late ta in protte diskusje yn de provinsje en dêr waarden tiisdei yn de kommisje oan de minister ek fragen oer steld. Neffens Plasterk moat Omrop Fryslân by in kalamiteit yn it Nederlânsk oergean. Ek it Fryske CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma is fan miening dat de Omrop, as der sprake is fan in grutte kalamiteit, him oanpasse moat.
Boarne: http://www1.omropfryslan.nl/
Graach reaksjes.
Dêr wie it al sa. It Frysk wurdt sa wer degradearre ta twadderangs taal, allinnich goed foar winterjûnenocht lykas Hea en Douwe Heeringa.
Ik fyn it in skande. Wa kin der yn Fryslân no gjin frysk ferstean. Minister plasterk hie niks mei it Frysk hat der sein en dat blyk no wol wer. Frysk is de twadde offisjele taal yn Fryslân. Mei dan asjeblyft de regionale stjoerder fan de provinsje Frysktalich bliuwe. It falt my ek bot tsjin fan Joop Atsma (CDA). Altyd de grutte bek iepen oer it Frysk en de Fryske taal. Mar as it punt komt op echt in kar te meitsjen dan giet der hurd mei de minister mei. Ik fyn him ek in slop figuer.
Ik leau dat wol 98 persint fan de minsken yn Fryslân wol Frysk prate kin. Dizze gjalp seit mear oer Plasterk as oer de taalkompetinsje fan de Friezen.
Yn ‘e Twadde keamer waard wer in in ald sankje songen: Dy earme Hollânsktaligen hast omkommen by de ramp yn Dronryp, wylst sij net warskôge wurde koenen wylst wy sa’n prachtige ienheidstaal ha as it Nederlands (it Hollânk dus).
Der waard yn ‘e Keamer net ferteld – oan it krantestikje te sjen- dat Omrop Fryslân de berjochtjouwing yn beide talen die en dus wie de útpraak fan de minister der fier by troch. Fansels wie der wol wer sa’n benaude Fries, dy ‘t daliks stie te applaudisearjen en sa de machthawwers yn ‘e kont kroep tsjin better witten yn.
Yn ‘e Twadde keamer waard wer in in ald sankje songen: Dy earme Hollânsktaligen hast omkommen by de ramp yn Dronryp, wylst sij net warskôge wurde koenen wylst wy sa’n prachtige ienheidstaal ha as it Nederlands (it Hollânsk dus).
Der waard yn ‘e Keamer net ferteld – oan it krantestikje te sjen- dat Omrop Fryslân de berjochtjouwing yn beide talen die en dus wie de útpraak fan de minister der fier by troch. Fansels wie der wol wer sa’n benaude Fries, dy ‘t daliks stie te applaudisearjen en sa de machthawwers yn ‘e kont kroep tsjin better witten yn.