Omrop Fryslân rampestjoerder

novimber 7, 2009 08:53

Omrop Fryslân hat de rol fan rampestjoerder. By in ramp is Omrop Fryslân de stjoerder dy’t de minsken fan ynformaasje foarsjocht. Juster by it salpetersoerlek yn Dronryp hat de Omrop de rol fan ramestjoerder wier makke. Op radio en televyzje waard ynformaasje jûn. Dat barde yn it Nederlânsk en yn it Frysk.

Mar op it ynternet gong it mis. De hiemside fan Omrop Fryslân rekke oerbelêste. Te folle minsken sochten ynformaasje oer it ûngelok op it ynternet. De servers fan Omrop Fryslân koene dy minskemassa net oan. Neffens Twaddekeamerlid Joop Atsma moat in hiemside fan in rampestjoerder altyd beskikber wêze. Atsma is dwaande mei in inisjatyfnota oer regionale omroppen. Neffens him moat de ynternetfoarsjenning ek meinommen wurde yn dat ferhaal.

Neffens waarnimmend direkteur Harm Wondaal fan Omrop Fryslân wie it praktysk ûnmooglik om by de tige grutte tarin op ‘e tiid ekstra servers by te pleatsen. “Mar soks moat net wer barre en sil ek net barre. Us website heart, benammen yn it gefal fan in ramp, gewoan berikber te wêzen.” Direkteur Gerard Schuiteman fan ROOS, it gearwurkingsferbân fan regionale omroppen, fynt ek dat de websites ‘in kalamiteitestatus’ krije moatte.

novimber 7, 2009 08:53
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Hindrik novimber 7, 12:57

    Omrop Fryslân begûn daliks ek mei berjochtjouwing yn it Nederlânsk.
    Stelling: it hat by kalamiteiten gjin doel om dûbeldtalich te ynformearjen.

  2. Tom Dykstra novimber 10, 00:25

    Yn gefal fan in kalamiteit is der net sa folle tsjin in dûbeltalich berjocht en dan mei it each op dy minsken dy’t oars nea nei de Omrop harkje en it Frysk net ferstean kinne, mar no wol harkje moatte, omdat de Omrop no ienris kalamiteitenstjoerder is.

    Dochs is der ek beswier. Ik ha it berjocht heard en it wie net sa dat – as immen it Frysk net neikomme koe – hy of sy der neat fan begripe soe.
    Mar der is in swierwagender argumint: Sa’n oanpak fersterket de hâlding fan in protte oarstaligen yn ús provinsje om as ynwenner it Frysk net leare te wollen. ” Ik vraag gewoon op een vergadering om in het Nederlands verder te gaan, want wy leven hier in Nederland, is het niet? en ik heb toch als Nederlander recht ……….”
    Neat gjin plicht of ferantwurdlikens foar de Fryske mienskip oer. No binne Frysktaligen hiel fatsoenlik opfied: Hja ferbrekke harren daliks en ûndergrave dêrmei de funksje fan har eigen taal as omgongstaal.
    In foarbyld fan it lêste. In wurknimmer fan Omrop Fryslân pleite yn ien fan de provinsjale deiblêden foar in rasjonele diskusje oer it Frysk as fiertaal by de Omrop. It Frysk taalgebrûk wie no in fanselssprekkendheid, mar oer soksoarte hillichheden moast praat wurde kinne. No ha ik myn twivels oft de term hillichheden wol yn in rasjonele diskusje past, mar hawar.

    De stelling: Ik ha gjin beswier tsjin efkes in dûbeltalige útlis. It soe de oarstaligen krekt oantrune moatte om om yn it ramt fan harren ynboargering it Frysk ûnder de knibbel te krijen. It besteansrjocht fan de Omrop is it Frysk as medium. Fan Omroep Friesland is gjin ferlet , want der binne genôch Hollânsktalige stjoerders foar berjochtjouwing oer kalamiteiten en it ymplisyt befoarderjen fan de brûkte taal. Eltse stjoerder nammentlik is taalbefoarderjend sa as bygelyks de BBC foar it Ingelsk. Wy moatte net benaud foar eigen skaad (it Frysk) wurde.

  3. Jabik novimber 10, 19:00

    Ik bin it hielendal iens mei Tom. Gemaksuchtige Hollanners ha der in argumint by om op syn minst it Frysk ferstean te learen. Der giet in wrâld foar har iepen! Wa’t te beroerd is om it passyf te behearskjen moat net seure. As hy/sy yn Dütslân is moat de taal fan dy streek ek leard wurde. Dútsers sille har net om in Hollanner ferbrekke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.