Nije koerts Cordaid

novimber 10, 2009 08:06

Untwikkelingsorganisaasje Cordaid sil de finansjele relaasje mei lokale organisaasjes yn njoggen lannen beëinigje.

Dat is ien fan de karren dy’t makke is yn de nije stratezjy foar 2011 – 2015. It doel dêrfan is om mei noch mear fokus en ynfloed operearje te kinnen. Tagelyk sil Cordaid ynsette op it finansjeel selsstannich meitsjen fan partnersorganisaasjes, yntegraasje fan besteande programma’s, en it bouwen oan wrâldwide koalysjes.

Minder lannen

Yn syn stratezjy sjocht Cordaid in needsaak ta in sterkere konsintraasje fan lannen. Cordaid is op it stuit yn 37 lannen aktyf, dat tal giet werom nei 28. ‘Der is dúdlik keazen om yn in lytser tal lannen te operearjen, om krêften te bondeljen’, ljochtet René Grotenhuis, direkteur fan Cordaid ta. ‘By it meitsjen fan dy lestige kar is sjoen nei fragen as: kinne wy yn in lân echt in ferskil meitsje? Hoe sterk binne de maatskiplike organisaasjes sels al yn dat lân?’ De lannen dêr’t Cordaid in ein meitsje sil oan syn finansjele relaasjes, binne: Angoala, Brazilië, Dominikaanske Republyk, Papoea-Nij-Guinea, Perû, Rûanda, Suriname, Tsjaad en Súd-Afrika.

Finansjeel mear ûnôfhinklike partners

Yn de stabilere ûntwikkelingslannen binne partnerorganisaasjes goed by steat en doch yn de takomst mear oan it winnen fan fûnsen. Cordaid wol partners stypje by de saneamde ynstitúsjele fûnswinning – fûnsen fan de Wrâldbank of de Europeeske Uny. Mar der kin ek tocht wurde oan it winnen yn eigen lân of oan it útwurkjen fan in direkte finansjele bân tusken de westerske donateur en de ûntfangende organisaasje troch middel fan in mikrokredytsysteem. It doel is om partners finansjeel minder ôfhinklik fan Cordaid te meitsjen.

Yntegraasje fan programma’s

Neffens Cordaid is ûntwikkelingsgearwurking, lykas it ynsetten fan mikrokrediten en it ferbetterjen fan de sûnenssoarch, ûnskiedber ferbûn mei needhelp by rampen en weropbou-aktiviteiten nei konflikten. ‘By it jaan fan needhelp moat der al neitocht wêze oer de duorsumens fan de aktiviteiten’, sa ornearret Grotenhuis. ‘Of hiel konkreet: hoe kin in húshâlding dy’t troffen is troch in oerstreaming, himsels sa gau mooglik wer rêde? En as men medyske helpt jout, soargje dan dat dy oanslút by de pleatslike sûnenssystemen. Dan hawwe de sûnenssintra der nei de ramp of it konflikt ek noch wat oan.’ Cordaid hat yn de ôfrûne jierren ekspertize opboud yn de ûnderskate spesjaliteiten fan ûntwikkelingsgearwurking en needhelp en wol de mearwearde troch yntegraasje dêrfan fierder brûke.

Bouwe oan wrâldwide netwurken

In lêste spearpunt fan Cordaid’s nije stratezjy leit sterk de klam op wrâldwide  koalysjes. ‘Alderlei spilers mei ferskillende eftergrûnen, mar mei in selde doel, dy’t oan strukturele feroarings wurkje, dàt is de nije foarm fan ûntwikkelingsgearwurking’, seit Grotenhuis. ‘De tiid fan tradisjonele ûntwikkelingshelp is echt foarby. Wy wurde mear makelders yn stee fan direkte helpferlieners. Wy foarmje alliânsjes, sykje gearwurkingspartners út ûnderskate hoeken wei. Dat kin fan in yndividu wêze yn Nederlân mei in eigen projekt oant bedriuwen, fan kennisynstellings oant belangegroepen oer de hiele wrâld’.

novimber 10, 2009 08:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Andre novimber 10, 21:49

    No noch de sifers iepen en bleat op it ynternet en ik soe se jild jaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.