Nederlân krekt oan ramp ûntkaam

novimber 24, 2009 15:00

Ald-direkteur Frans Saris jout yn syn boek Darwin meets Einstein ta dat Nederlân yn 2001 op it nipperke foar in ramp wei kommen is. Op 16 novimber fan dat jier foel de elektrisiteit op it net út en wurke de eigen needfersjenning fan de reaktor ek net. Op it alderlêste momint hat  der gjin kearnsmelting, faktechnysk meastal in “meltdown” neamd, plakfûn. Wie dat wol bard, dan hiene Nederlân en miskien hiel West-Europa mei in ferskriklike ramp te krijen hân. By in kearnsmelting wurdt de kearnreaktor troch it fuortfallen fan de ôfkuolling sa hjit, dat de regelders stikken reitsje dêr’t in kettingreaksje troch ûntstiet. De temperatuer bliuwt omheech gean as de krityske massa berikt is. De reaktor raant him dan by wize fan sprekken sels de grûn yn, mei as gefolch in ôfgryslike fersmoarging fan it miljeu. As de wettermassa dan it grûnwetter rekket, kin it gleone wetter omsetten wurde yn wetterstof en soerstof. Dat kin dan wer ta in ferskuorende gemyske eksploasje liede, dêr’t radioaktyf ôffal by frijkomt dy’t oer grutte ôfstân ferspraat wurdt. De ramp hie net te oersjen west.

Wat opfalt is dat Kearnfisyske Tsjinst dit ûngelok pas yn desimber 2002 melde en ôfdie mei de meidieling dat der gjin ûnfeilige situaasje west hat. No dus it ferhaal fan de direkteur dy’t it allegearre meimakke hat. Hy seit dat, doe’t op de bewuste dei de elektrisiteit útfoel, de needfersjenning dy’t foar de kuolling soargje moat it ek net die. Dêrtroch foelen de pompen en it ljocht yn de kontôlekeamer út. De bûslampe dy’t yn de kontrôlekeamer hingje moast wie der net omdat ien fan de meiwurkers dy brûkt hie om syn auto te meitsjen. Op ‘e taast skeakelen de operators by ûngelok in ekstra needkuolsysteem út yn stee fan dat se it oansetten. Allergelokst begûn de elektrisiteit wer en bleau in ramp wei. Hie de stroom der langer ôf west, dan hie dat ta de boppe beskreaune kearnsmelting laat.

Der wurde al langer fraachtekens by de feiligens fan de reaktor yn Petten setten. De saak is yn 2002 ek alris inkele moannen stillein om de feiligens te ferbetterjen. Noch altyd binne der grutte risiko’s mei de stokâlde reaktors. Sa heart men sa no en dan ek fan it lekken troch rustkjen fan de kuolsystemen. Dêrtroch foldocht de reaktor net mear oan de feiligens en is de kâns op ûngelikken tige tanommen. Greenpeace fynt dêrom dat de doarren fan Petten ticht moatte. Der binne minder gefaarlike wizen om grûnstoffen fuor de medyske wrâld te meitsjen, mei minder risiko’s, sa stelt Greenpeace.

novimber 24, 2009 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.