Meksikaanske gryp treft jonge bern
Resint ferskynd
Seis persoanen binne dizze wike stoarn oan de Meksikaanske gryp. Ûnder harren wienen trije bern en in lytse poppe. Mei-inoar binne no achtentweintich minsken oan it firus stoarn. De helte dêrfan is jonger as achttjin jier.
De ôfrûne wike binne der mear minsken mei grypklachten nei de húsdokter gien en der binne ek mear minsken as de wyks dêrfoar yn it sikehûs opnommen. Achtentritich minsken, twa kear safolle as ferline wike, moasten op de intensive care ôfdieling behannele wurde. Der blykte ek wer immen resistint te wêzen tsjin de firusremmer Tamiflu.
Bern
De measte pasjinten dy’t yn it sikehûs opnommen wurde, binne bern oant fjouwer jier, relatyf besjoen. Dat fertelt Roel Coutinho, direkteur ynfeksjesykten by it RIVM. Nije wike start de ynintingskampanje foar dy risikogroep. It RIVM neamt de pandemy noch hieltyd in mylde gryp as it giet om it oantal minsken dat siik wurdt.
Kolossale operaasje
It ynintsjen sil in kolossake operaasje wurde, seit Ineke van der Zande, direkteur GGD/GHOR Kennemerland. Moandei en tiisdei kinne op 250 lokaasjes bern yninte wurde. It Amsterdamske ferfierbedriuw GVB hat âlden oproppen om harren buggy’s en berneweinen thús te litten, omdat dêr yn de trams net folle plak foar is.
Rom 800.000 bern tusken de seis moanne en fjouwer jier en 200.000 húsgenoaten fan baby’s dy’t jonger as in heal jier binne, kinne yninte wurde. It faksin is noch net frijjûn foar bern ûnder de seis moanne.
Gjin yninting
De GGD hat witte litten dat as âlden har bern no net ynintsje litte, hja dan net in twadde kâns krije om dat letter noch dwaan te litten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje