Poppen gûle toan fan memmetaal

novimber 18, 2009 06:50

Rotterdam, 10 nov. Bern dy’t krekt op ’e wrâld kommen binne, gûle net yn it wylde wei, mar ferwurkje de yntonaasje fan harren memmetaal yn harren úthalen. It docht bliken dat Dútske lytse poppen trije dagen nei de berte al oars gûle as Frânske. De ûndersikers tinke dat bern yn de liifmoer harkje nei de praterij fan harren âlden, de yntonaasje ûnthâlde en dy nei de berte neidogge.

Lytse poppen kinne fan trije moanne foar de berte ôf lûden hearre en yn harren ûnthâld opslaan, sizze de ûndersikers. Sa hawwe berne suver daliks nei de berte in foarkar foar de stimme fan harren mem en kenne se muzyk werom dy’t se yn it skûlliif gauris hearre. Krekt berne poppen lykje benammen gefoelich te wêzen foar de meldij yn sprutsen taal. Se hearre oan harren memme’ yntonaasje hokfoar emoasje oft sy oer besiket te bringen en brûke dy meldij ek om haren memmetaal te ûnderskieden fan oare talen.

Oant no ta waard oannommen dat bern der net earder as earne tusken de 6 en 18 moanne mei begjinne om de memmetaal te imitearjen yn wat se brabbelje. Mis, sizze ûndersikers út Dútslân en Frankryk no. Se ûndersochten 60 lytse poppen fan inkelde dagen âld. It gûlen fan sokke jonge bern bestiet út in rige fan úthalen fan likernôch in sekonde. Sa’n úthaal begjint altiten leech en súntsjes, wurdt heger en lûder, om dan wer ôf te swakjen yn toanhichte en sterkte. De klam yn de skriemerij blykt te ferskillen. By Dútske berntsjes leit de klam op de delgeande úthaal. It gûlen berikt al gau in hichtepunt en hat in lange swink nei ûnderen. Undersikers neame dat in delgeande meldij. Frânske lytse poppen nimme hast in hiele sekonde om har gûlbuikes lûder wurde te litten en hâlde nei it toppunt ynienen op. Sa lizze se de klam op de úthaal nei boppen. Undersikers neamde dat in opgeande meldij.

Neffens de ûndersikers komt dy wize fan gûlen oerien mei de yntonaasje fan respektivelik Dútsk en Frânsk. Dútsers brûken in protte delgeande meldijen as se sinnen útsprekke en Frânsen prate mear mei opgeande meldijen. Neffens de wittenskippers binne dy oerienkomsten gjin tafal, mar besykje de lytse poppen om aktyf de taal fan harren âlden nei te bauwen. De gûlbuikes fan Frânske berntsjes binne, as men sjocht nei de anatomy en de beheinde spierkontrôle fan de lytse bertlingen, nammentlik lestiger te produsearjen as dy fan de Dútske oankommelingen.

novimber 18, 2009 06:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.