Kreeften kinne no humaan stjerre

novimber 22, 2009 11:08

Yn restaurants twivelje minsken oft se no wol of net in kreeft bestelle sille. De minsken witte dat de kok it bist libben yn in panne siedend hjit wetter set. In Britsk bedriuw hat no wat útfûn dêr’t it bist gau troch dea giet. Dat hjit CrustaStun. Yn in panne mei siedend hjit wetter kin it trije minuten duorje foardat de kreeft dea is. Mei de CrustaStun is it bist yn 0,3 sekonden dea, de CrustaStun jout in elektryske skok yn de harsens. In bist dat mei de CrustaStun deamakke is, is lekkerder wurdt sein. It bist hat yn de lêste minuten minder stress hân en smakket dêrom oars.
It apparaat is wol wat oan de djoere kant. It kostet mar leafst 2800 euro.

c

novimber 22, 2009 11:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.