Jumbo ferkeapet gjin iel

novimber 3, 2009 12:45 Fernijd

Takomme jier sil yn de supermerken fan Jumbo gjin iel mear ferkocht wurde. In wurdfierder hat sein dat de iel no sa slim bedrige wurdt dat it net mear ferantwurde is om dy yn de winkel te ferkeapjen. Neffens Jumbo wurdt de iel ek mishannele.

Oare supermerken lykas Dirk, Bas, Digros en Jan Linders hellen de iel ek al út de skappen wei. Sunt 2007 stiet de fisk op de reade list fan bedrige bistesoarten. Oer it mishanneljen binne dizze supermerken it iens. Om de slymlaach fan de fisk ôf te krijen wurdt iel libben yn in sâltbad treaun. De deastriid dy’t der dan op folget kin neffens Wakker Dier wol tweintich minuten duorje.

It doel fan Jumbo is om aloan mear fisk yn de winkel te krijen dy’t op in duorsume wize  fongen of kweekt is. Fisken op de reade list moatte ferdwine. Mar neffens Jumbo moat de konsumint ek meihelpe.

novimber 3, 2009 12:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.