It giet goed mei de sljochtfalk

novimber 21, 2009 13:44

It giet goed mei de sljochtfalk yn Nederlân. Sa binne der no yn alle provinsjes fan ús lân briedpearkes oantroffen wylst it yn 1986 noch mar ien wie. Yn dizze tiid fan it jier blike de falken noch mear foar te kommen as yn de briedtiid omreden dat der oerwinteraars út it noarden by kommen binne.

Dat it goed mei de sljochtfalk giet, betsjut dat it oppassen is foar hast alle oare fûgelsoarten. De sljochtfalk is benammen de hearsker ûnder de fûgels. Oft it neat wie, nimt er samar in piiptjilling út de loft en as er hongerlapet, dan pakt er grif in goes dy’t bygelyks grutter as himsels is. Net ien fûgelsoarte is feilich as der in sljochtfalk yn ’e omkriten is.

Dy falken binne yn steat om mei sa’n 350 kilometer yn ’e oere harren fallen te litten om dan letterlik op har oefte te stoarten. Sljochtfalken komme hieltiid mear op plakken yn ús lân te brieden en yn ’e winter wurdt dan ek nochris it briedbestân oanfolle mei de oerwinteraars út it noarden. Bytiden binne yn alle provinsjes al ien of mear briedpearkes oanwêzich. By krapte oan yn ’e natuer oanwêzige rotsen om te brieden, hawwe de falken hege tuorren en elektryske mêsten as in goede twadde plak akseptearre. De Werkgroep Slechtvalk Nederland is tige aktyf op dit mêd om nêstkastkes op gaadlike plakken op te hingjen: dat smiet oant  2006 al minstens 32 briedpearen op. De groei hat him nei 2006 stadichoan trochset mei hieltiid mear pearkes op nije briedplakken. En dat wylst it yn 1986 mar om ien pearke gong.

As josels no ek wolris sa’n sljochtfalk sjen wolle, dan moatte jo nei ien fan de Waadeilannen gean en dan it leafst om dizze tiid fan ’t jier hinne. Allinnich al op Skylge oerwinterje der in pear op ’e Brandaris yn West-Skylge. As jo dêr  troch it doarp hinne rinne en jo komme yn ’e buert  fan de Brandaris, dan kin it barre dat jo in deade, heal ôffretten wetterhintsje of wylster sjogge.

Ien eachopslach kin dan samar in yndodzjende sljochtfalk  yn ien fan ’e rúten opsmite.

novimber 21, 2009 13:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.