In nije Europeeske Kommisje
Resint ferskynd
- Ferkenner om tafel mei alle Fryske politike partijen 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Jan Bosgraaf: Helden en slachtoffers 1
- Foarriedige útslach: lanlik grutte winst foar BBB by Provinsjale Steateferkiezingen 1
- Mooglik lêste natuersearje fan David Attenborough (96) leit gefoelich 0
De nije Europeeske Kommisje is freed 27 novimber presintearre. Neelie Kroes wurdt lykas ferwachte EU-kommissaris ICT & Telecom. Ek wurdt se ien fan de mar leafst sân fise-foarsitters.
Foarsitter José Manuel Barroso fan de Europeeske Kommisje makke freedtemiddei yn Brussel syn nije ploech bekend. De Kommisje is it deistich bestjoer fan de Europeeske Uny. Alle 27 lidstaten leverje ien eurokommissaris, mar it wie Barroso dy’t de portefúljes ferdielde. Fjirtjin kommissarissen begjinne oan in twadde termyn, wêrûnder dus Kroes.
België is hiel tefreden mei in twadde swiere post, nei de beneaming fan premier Van Rompuy ta EU-presidint. De Belgyske âld-minister fan Bûtenlânske Saken, Karel De Gucht, wurdt eurokommissaris fan Hannel. Nederland longere ek nei dy post.
Kroes wurdt as eurokommisaris fan Konkurinsje opfolge troch de Spanjert Joaquín Almunia. Sels kriget se lykas sein de post ICT & Telecom.
In nije portefúlje is de eurokommissaris foar Klimaat. Dat wurdt de Deenske klimaatminister Connie Hedegaard. Dêrneist bliuwt der in eurokommissaris foar Miljeu.
De Fin Olli Rehn folget de Spanjert Almunia op as eurokommissaris foar Ekonomyske en Monetêre Saken. De ôfrûne fiif jier wie hy yn de Kommisje ferantwurdlik foar de útwreiding mei nije lidsteaten en it tafersjoch op Roemenië en Bulgarije.
De Europeeske Kommisje 2009-2014 telt njoggen froulju, ien minder as yn it hjoeddeiske tiim. Ien dêrfan waard ferline wike al beneamd: de Britske Catharine Ashon wurdt hege fertsjintwurdiger fan de Uny foar bûtenlânske saken en feilichheidsbelied. Barroso woe krekt mear froulju, mar in protte regearingen beaen dy net oan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje