In bedriuw begjinne?

novimber 11, 2009 07:54

In bedriuw begjinne? Yn België samar klear.

In bedriuw begjinmne kostet yn Nederlân yn trochsneed tsien dagen. Dat is yn ferliking mei in protte oare lânnen koart, sa lit it “Centraal Bureau” foar de statistyk ús witte. Mar yn België kin it gauer. Fan de tweintich saneamde  ‘”referentylannen” dy’t it buro útsocht, stiet Nederlân op it sânde plak. Dat is twa dagen koarter as de Feriene Steaten.  In ûndernimming begjinne yn Spanje duorret it langst. Dêr “stiet” in bedriuw pas nei ûngefear 47 dagen.

Yn alle lânnen is it tal dagen dat it kostet om in bedriuw te begjinnen lyk bleauwn of minder wurden yn ferhâlding fa 2003. Ek yn Nederlân is de opstarttiid minder wurden;  fan alve nei tsien dagen.

Prosedueres

It liket derop dat it krinpen fan dy tiid it gefolch is fan de it ôfnimmen fan it tal prosedueres dat trochrûn wurde moat om in bedriuw te begjinnen.Yn Nederlân is dat tal werombrocht fan sân nei seis. Wol meldt it C.B.S. dat wat de prosedueres oanbelanget, de posysje fan ús lân yn ferlyk mei de oare lânnen wer minder wurden is.

Australië

Australë spant  de kroan. Yn twa dagen is alles yn kalk en semint. Tichter by hûs kinne jo ek  terjochte. Yn België nimt it gehiel sa’n fjouwer dagen yn beslach. Der is it tal prosedueres trije. Jo moatte dan wol Belch wurde. Sukses!

novimber 11, 2009 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.