Ien kear, mar nea wer

novimber 12, 2009 10:49

Iepen brief oan Wim van de Camp, fraksjefoarsitter CDA yn it Europeeske Parlemint

Bêste Wim,

Yn it begjin fan dit jier hawwe wy in byienkomst mei de kandidaten foar it Europeeske Parlemint hân dy’t lyk as dy ek yngenieur binne. Do wiest dêr by. Do hast doe tasein dy yn te setten foar it belang fan Europa en fan de yngenieurs.  Wy hawwe praat oer de Europeeske yntegraasje, oer it belang fan in demokratysk Europa en oer technyske saken lykas de ramtprogramma’s. Foar it KIVI NIRIA-gebou, op it Maliefjild, dêr’t normaal sprutsen foar mear pensjoen demonstrearre wurdt, lieten wy ús fotografearje om sjen te litten dat wy wol demonstrearje wolle hoe posityf wy oer Europa tinke. Do hast no al in skoft sitting yn it Europeeske Parlemint en dat krijt noch wat mear te sizzen ek. Hoera!

De Europeeske Uny bringt mei him mei dat it dwaan en litten yn in lidsteat ek de befolking yn de oare lânnen beïnfloedet. De boargers beseffe dat mar al te goed en it gefaarlike hâlden en dragen fan Berlusconi yn Itaalje jout ús hjir yn Nederlân grutte soargen. In demokratyske mienskip en in frije parse beskôgje wy as in grut goed en dy wolle wy net fia in Italiaanske omwei ferlieze.  Wat docht no bliken? In moasje yn it Europeeske Parlemint om Itaalje dêr op te wizen, wurdt ferwurpen troch in mearderheid fan trije stimmen, omdat’st do en in pear CDA-kollega’s tsjin stimd hawwe.

It liket der op dat’st do partijpolitike oerwagingen dizze kear wichtiger fûn hast as de Europeeske prinsipes. Spitich, want wy hopen krekt dat it Europeeske Parlemint him wat prinsipjeler uterje soe. Do silst sûnder twifel beseffe dat ek foar de oer it generaal net sa sterk polityk engazjearre technisy de neamde frijheden fan libbensbelang binne. Do besefst hooplik ek dat’st dit net ôfdwaan kinst mei: dat moatte se yn Itaalje sels mar útsykje. Dat kin ek net sjoen de ferklearringen fan de OSCE, de gearwurkjende Europeeske lânnen, dy’t stelle dat fundamintele frijheden yn in lân alle oare lânnen oangean. As it dêr al jildt, dan dochs wis ek yn de Europeeske Uny.

Yn it koartlyn hâlden kongres fan alle Europeeske yngenieursferieningen hawwe in stik of wat Noardwest-Europeeske lânnen de blokkade fan û.o. Italïe tsjin mear mobiliteit fan yngenieurs trochbrekke kinnen troch net ta te jaan oan politike druk, mar troch de belangen fan yngenieurs foarop te stellen.

Mei ik dy fersykje om dy yn de takomst in wiere yngenieur te toanen en fol te hâlden dêr’t it nedich is de belangen fan dyn achterban te ferdigenjen, perfoarst by prinsipjele saken? Ruud Lubbers, dyn eardere partijfoargonger en as foarsitter Ried fan Tafersjoch myn eardere baas by TNO,  sei yn sa’n gefal: “Dit is typisch: ien kear, mar nea wer”. Kinne wy dat ôfprate?  

Jan Dekker , Presidint KIVI NIRIA                                                                                                                                             

Wolle jo reagearje op dizze kollum fan Jan Dekker? Stjoer dan in e-meel yn it Nederlânsk nei nieuws@kiviniria.nl                                                                                                                                                                                               

novimber 12, 2009 10:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.