Hoe no fierder yn Afganistan?

novimber 1, 2009 11:02

De Afgaanske presidintskandidaat Abdullah Abdullah hat him weromlutsen út de ferkiezings. Dat sei Abdullah snein by in parsekonferinsje yn de Afgaanske haadstêd Kabûl.

Abdullah hat al earder mei in boykot fan de ferkiezings drige, omdat net oan in oantal fan syn easken foldien waard. Hy woe ûnder oare it ôftreden fan de foarsitter fan de kieskommissje. Neffens Abdullah wie dat de ienichste wize om derfoar te soargjen dat de ferkiezings sûnder fraude ferinne soenen.
De twadde stimming is plend foar 7 novimber en soe gean tusken Abdullah en de hjoeddeistige presidint Hamid Karzai.

novimber 1, 2009 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.