Helte Nederlanners foar kilometerheffing

novimber 24, 2009 07:00

Likernôch de helte fan de Nederlanners (53 persint) is foar it ynfieren fan in priis foar eltse kilometer dy’t yn in auto riden is. Dat docht bliken út in peiling fan Maurice de Hond, dy’t er snein publisearre hat. De stipe is it grutst ûnder kiezers fan Grien Links (98 persint), mar ek noch wat mear as ien op ’e fiif PVV-oanhingers (21 persint) stiet derefter. In mearheid twivelet oer it effekt fan it ynfieren. Mar in fjirdepart tinkt dat de files dan ek echt lytser wurde. Twa tredde tinkt dat de measte autoriders mear betelje sille. Goed trijekwart (77 persint) ferwachtet dat de kilometerheffing letter ynfierd wurde sil as oankundige is. It kabinet wol fan 2012 ôf mei de nije maatregel begjinne. De peiling fan De Hond wurdt fia it ynternet holden ûnder op syn minst 2500 minsken, út in stekproef ûnder goed 40.000 lju dy’t harren earder al ris foar syn panel opjûn hiene. De peildagen binne freed en sneon.

novimber 24, 2009 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.