Goedkeap fleane

novimber 15, 2009 06:00 Fernijd

Jo wolle op fakânsje, mar dan wol fier fuort. Dan is der hast gjin oare opsje as mei it fleantúch. Neffens de webside Swoodoo is Ryanair noch hieltyd de goedkeapste fleanmaatskippij fan Europa. It priisferskil is grut. It oanbod is ek tige ferskillend.

Argewaasje
Alle fleanfjilden hawwe deselde problemen. De parkearkosten binne djoer. De fleanmasine is te let en de passazjier kin noch net yntsjekke. Der binne net safolle wachtromten dêr’t jo dan fergees sitte meie. Yn alle fleanmasinen sitte minsken neist elkoar, dat it kin wêze dat de buorman sliept, en snoarket as in baarch.

Ekstra kosten
De goedkeape maatskippijen fertsjinje gjin jild oan de ticket. Sels belesting en taslach sitte by de priis yn! Dan moat it jild mei wat oars fertsjinne wurde. Wat te tinken fan in taslach fan €10,00 foar it brûken fan in kredytkaart. De passazjier mei ek net folle bagaazje meinimme. By de measten sil it fiif of tsien kilo wêze. Foar elke kilo ekstra betellet de reizger tusken de €20,00 en €30,00. Guon binne ek bekend om it bybeteljen foar it yntsjekken. De tsjinstferliening is boppedat minder by in goedkeape fleanmaatskippij. Der binne sels maatskippijen dy’t allinnich noch mar hânbagaazje tasteane, lykwols net mear as tsien kilo en net grutter as in bepaald formaat.

It ferskil
As jo in goedkeap ticket kocht hawwe, betsjut soks neffens de logika dat jo ek minder krije. As jo middeis om healwei fiven opstige en jûns om sân oere oankomme, kin it wêze dat der op in goedkeape flucht gjin iten by is. Yn de fleanmasinen fan de priisfjochters moatte mear minsken passe, der moat ommers oan fertsjinne wurde. Foar gruttere minsken is dat net ideaal.

Alle goedkeape oanbieders meitsje reklame foar inkelde reizen. Wol men mei deselde maatskippij hinne en werom, dan kin men faaks noch better mei in normale maatskippij fleane foar itselde jild. By de KLM, Lufthansa, Air France of British Airways krije jo op syn minst in flaubyt, en op de langere fluchten in waarm miel of breamiel. Uteinlik is de reizger dan noch goedkeaper út.

novimber 15, 2009 06:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.