GM wol Opel werom ha

novimber 4, 2009 18:57

General Motors wol Opel net mear ferkeapje oan it Eastenryksk-Kanadeeske bedriuw Magna. Dêrtroch bliuwt Opel by General Motors en sil reorganisearre wurde.

Yn juny krige GM 1,5 miljard fan it Dútske regear omdat Opel finansjeel yn swier waar rekke wie. No wol Berlyn dat jild foar 30 novimber werom ha. GM is dêr al mei akkoart gien.

Opel/Vauxhall hat 50.000 wurknimmers. GM hat al tasein om Opel te reorganisearjen. Saakkundigen tinke dat dêrtroch sa likernôch 10.000 banen by Opel ferdwine. Neffens it haadbestjoer fan Opel sille de wurknimmers fan Opel yn Dútslân op tongersdei stake.

novimber 4, 2009 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.