FUEN skriuwt brief Europeeske Uny

novimber 3, 2009 17:53

De 85 leden fan de FUEN rjochtsje har yn in brief oan alle regerings, regeringslieders en de presidint fan de EU-kommisje. Mei it brief wurdt de resolúsje fan it lêste FUEN-kongres útfierd. Yn de resolúsje wurde de regerings en de EU-kommisje útnoege om in EU-kommissaris foar minderheden te beneamen of ien fan de sittende kommissarissen op te dragen om de belangen fan de minderheden yn de EU te behertigjen.

Yn de taljochting stiet: “De situaasje fan de Europeeske minderheden lit in heterogeen plaatsje sjen. Yn guon regio’s ha minderheden en mearderheden in model ûntwikkele dêr’t se op lykweardige wize mei-elkoar libje, mar op in protte oare plakken ha de minderheden grutte muoite om te oerlibjen. Op it stuit stjerre der stadichoan Europeeske talen en kultueren út sûnder dat men it fernimt. Dat kin allinne mar opkeard wurde troch in dúdlike feroaring fan de minderhedepolityk yn de EU”, neffens de resolúsje fan it FUEN-kongres. FUEN biedt him dêrby oan as middeler.

“FUEN wol graach as partner yn it proses behelle wurde omdat FUEN direkt kontakt hat mei de minderheden en in protte praktyske ûnderfining opdien hat op dit mêd. FUEN stribbet nei lykwicht yn de ferhâldings tusken minderheden en mearderheden. Der binne foldwaande foarbylden yn Europa dêr’t dat al yn berikt is. Dêrta moatte der fan twa kanten stappen setten wurde en moat der in echte dialooch op gong komme”.

Foar de brief oan Barroso sjoch: http://www.fuen.org/pdfs/20091028_EN.pdf

Foar de resolúsje sjoch: http://www.fuen.org/pdfs/20091028_EU27_resolution_200903_EN.pdf

novimber 3, 2009 17:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.