Friezen yn ‘e frjemdte

novimber 1, 2009 16:55

Tja, it is wat mei de Friezen yn ‘e frjemdte. Dy minsken dy sitte eins yn in soarte fan spagaat. Eartiids giene der ferskate Friezen út krapte en earmoed út Fryslân wei. Der wie gjin wurk mear en je koene terjuchte yn de havens fan Rotterdam of de minen yn Limboarch. Om geregeldwei op besite te gean nei Fryslân siet der net yn. De ôfstân wie fierstente grut, foaral as je nei Amearika of nei Austraalje emigrearden.

No, dat is bot feroare. As je no op sneontemoarn fanút de Rânstêd op ‘e gaspedaal traapje dan bin je yn in sucht yn it Heitelân. Mar ja, dan binne je der noch net út. As Fries yn ‘e frjemdte wolle je dat alles yn Fryslân bliuwt sa as it wie op it momint dat je de grutte stap nei de frjemdte diene. Sa’n opfetting is fansels grutte ûnsin, want ek Fryslân moat meidwaan mei de moderne tiid. Mar as Fries yn ‘e frjemdte wolle je dêr net oan. Je wolle je yn alle opsichten thús fiele as je wer yn Fryslân komme.

Mar wat blykt as je by de famylje op besite komme? Dan blykt ynienen dat der allegearre dingen feroare binne. Der binne bygelyks nije wegen oanlein, dus je kinne net mear op ‘e automatyske piloat autoride. Je moatte je ferstân brûke en de muoite nimme om sa no en dan op ‘e ANWB-buorden te sjen. En dêr bliuwt it net by.

Je nimme jin bygelyks foar om efkes nei it âlde húske fan pake en beppe te gean. Dat die ik lêsten ek. De bêste minsken lizze allang op it tsjerkhôf, mar dat jout neat. Efkes sjen hoe of it der by stiet. As bern wiene we altyd oan it útfanhûzjen by de âlde lju. Pake hie in grientetúntsje mei allegearre reade en swarte beien. Dy wiene tige lekker. Der lei in âlde planke oer de sleat en net sûnder gefaar moasten je nei de oare kant fan de sleat om op it túntsje te kommen.

No, ik der no ek wer hinne. Mar wat is der bard. Der binne wrachtich allegearre nije húzen boud. Hoe kin dat no. Eartiids wie it dêr sa moai en rêstich en no is alles fuort. Yn in hoekje fan pake syn túntsje siet yn ‘e maitiid altyd in wylde ein te brieden. Altyd op itselde plak, hiel moai beskûle efter in âlde wylgebeam, oan ‘e kant fan de sleat. En no, ferrek, der is neat mear fan oer. Je kinne de sleat net iens mear werom fine. Der leit no in tegelpaad sadat de minsken dy ‘t der no wenje mei droege fuotten thús komme kinne.

Wat jout dat dochs in frjemd gefoel yn ‘e mage. Wat moatte je dêr as Fries yn ‘e frjemdte mei oan. In bytsje fan ‘e wize rekke ik wer nei hûs ta. Underweis yn ‘e auto die ik Omrop Fryslân oan. Der wie in muzykprogramma te belústerjen en ik ferwachte allegearre moaie Fryske ferskes. Mar nee hear. It wiene allegearre Ingelsktalige tophits. Ik waard noch beroerder yn ‘e mage.

Mar ynienen skeat my tebinnen dat we oankommende freedtejûne wer in kritegearkomste hawwe. Dan kinne we  ‘Dêr ‘t de dyk it lân omklammet’ sjonge en noch folle mear fan dy prachtige ferskes. Ik krige suver wer in fleurich sin. Oankommende freed, dan kinne we wer efkes yn ús fantasy en yn ús ferbylding yn Fryslân wêze. Dan kinne we wer tinke oan ús bernejierren by heit en mem en beppe en pake mei syn grientetúntsje. Wat is it libben dochs moai, as je it mar sjen wolle.

Hâns Dijk

novimber 1, 2009 16:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.