Firefox 5 jier
Resint ferskynd
Moandei 9 novimber waard de browser Mozilla Firefox 5 jier.
Begûn as it âlde en earste programma om op it ynternet te sneupen, Netscape, is it yn 5 jier tiid útgroeid ta de twadde browser mei in brûkersoandiel fan 25%. Dat sukses is te tankjen oan de Mozilla organisaasje dy’t de boarnekoade fan it programma frijjûn hat, wêrtroch’t elkenien oer de hiele wrâld der oan meiwurkje kin. Dy gearwurking bestiet net allinnich út it ûntwikkeljen, mar ek út de PR, it testen en bygelyks it oersetten. Wienen der earst mar 10 talen beskikber, no binne der al mear as 70 talen wêryn’t Firefox ferskynt, ûnder oaren it Frysk.
Foar de fiering fan de jierdei is in apart webstee makke dat ek yn it Frysk oersetten is. Dat is it bêste te besjen mei in browser dy’t it saneamde canvas-elemint stipet, byg. Firefox, Safari en Chrome. It is nammentlik dan mooglik om ek de ûndertiteling te sjen dy’t yn it Frysk oerset is.
Sjochris op it webstee: www.spreadfirefox.com en miskien hawwe jo noch in idee om de wrâld yn it ljocht te setten.
Prima browser, ha ik ek.
Ooh cool, it filmke der daliks by troch google-ads.
Wol better om it te besjen op de keppeling fan spreadfirefox yn it artikel, dan hast ek de ûndertiteling.