Ferplichte fytshelm?

novimber 12, 2009 07:59

Hieltiten mear swier ferwûnen hawwe slimme nekke- en plasseletsel troch in ferkearsûngelok. Tweintich jier lyn rekke 62 persint fan de pasjinten op dy wize ferwûne, no is dat 73 persint. Benammen fytsers binne it slachtoffer.

Reden foar arts-ûndersiker Annemarie Nijboer om te pleitsjen foar in ferplichte fytshelm.

”Wolle wy foarút buorkje, dan moatte wy ús mear rjochtsje op bettere previnsje”, neffens de Grinzer promovenda.
Nijboer die ûndersyk nei de traumasoarch yn Nederlân. Hja analysearre de gegevens fan 1300 minsken dy’t in ûngefal hân hiene. Hja hopet op 18 novimber oan de Universiteit Grins te promovearjen.

Har konklúzje is dat de soarch oan de slachtoffers fan ûngefallen fan heech nivo is, mar dat de stjerte net ôfnomd is yn de ôfrûne tweintich jier. Boppedat binne de pasjinten hieltiten âlder en de ferwûnings slimmer.

Fergrizing

Dat Nederlân fergrizet is te fernimmen, konkludearret Nijboer. De trochsnee leeftyd fan minsken dy’t binnenbrocht wurde by in traumasintrum yn in sikehûs is yn tweintich jier oprûn fan 33 nei 41 jier. Mei de fergrizing wurdt te min rekken hâlden, fynt Nijboer.

Behanneling fan ferwûnen bart op basis fan de earnst fan it ûngefal. Aldere pasjinten dy’t yn it earste oankommen in minder slim ûngefal hân hawwe, wurde dêrtroch lichtwol net optimaal behannele, neffens de promovenda.

Der moat mear sjoen wurde nei de leeftyd fan de ferwûne en syn of har medyske skiednis.

Neffens har is winst te heljen mei ferbettering fan de behanneling fan ferwûnen op it plak sels en by it ambulânseferfier. Mobile medyske teams hawwe de needsaaklike medyske kennis yn ‘e hûs, mar foar de akute behanneling is fakentiden in spesjalisearre arts nedich, fynt Nijboer.

novimber 12, 2009 07:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nynke april 6, 12:02

    Ik kan van oude berichten niet zien in welk jaar ze zijn geschreven. Alleen de datum staat erbij. Kunnen jullie dat ook veranderen?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.