Ferlymjen fan brêgen

novimber 14, 2009 17:57

It ferlymjen fan in ekstra stielplaat liket in goeie methoade om stielen brêgen te fersterkjen. In proef mei de eastlike beweegbere klep fan de Skarsterrienbrêge yn de A6 is sa suksesfol, dat Rykswettersteat ek it oare part fan de brêge mei dizze methoade oanpakke sil, seit de regiomennerdzer Stalen Bruggen yn it blêd Cobouw.

It ferlymjen fan in stielplaat is folle goedkeaper en ferget minder tiid as it ferfangen fan de hiele klep, mar wurdt dochs as in duorsume oplossing beskôge.

Rykswettersteat sil no oant 2013 de tiid nimme om by de Skarsterrienbrêge te mjitten en te evaluearjen, en sil dan bepale of dizze ynnovative methoade in opsje is foar de fiif oare beweegbere brêgen: de Kruiswaterbrug(A7), Gideonsbrug(A7), Ketelbrug(A6), Wantijbrug(N3) en de Calandbrug(N15).

novimber 14, 2009 17:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.