In stof makket jonkjes frouliker

novimber 21, 2009 10:36

In fergiftige stof dy’t yn in protte plastic foarkomt , beynfloedet it brein fan noch net berne jonkjes. De stof makket harren brein ‘frouliker’.

De gifstof ftalaat beynfloedet de breinûntjouwing fan jonges. Amerikaanske ûndersikers ûntdieken dat de stof  it brein fan jonges noch foar de berte al beynfloedzje kin. Jonges dy’t oan de stof bleatsteld waarden, boarten minder faak mei jongesboartersguod lykas auto’s en klapperpistoalen.

Ftalaten kinne de hormoanen sterk beynfloedzje, omdat se op it froulik hormoan oestrogeen lykje. De stof is al sûnt jierren yn boartersguod ferbean, mar komt ek yn oar materiaal lykas finyl foar. Al yn 2005 waard de stof sjoen as in oarsaak fan genitale ôfwikings by jonges. Deselde ûndersikers bewize no dat de stof ek de breinûntjouwing fan jonges fersteure kin. Dokter Shanna Swan en har tiim testen in pear hûndert froulju dy’t oer de helte fan harren swier wêzen hinne wienen. Oan de hân fan urine-mûnsters socht se nei ferhege wearden fan ftalaat. De doe noch net berne lytse poppen waarden dêrnei letter op in leeftyd tusken fjouwer en sân jier nochris ûndersocht op harren boartersgedrach.

Mei dit ûndersyk wurdt de feiligens fan de stof ftalaat op ’e nij yn ’e kiif set. Der is al in soad ûndersyk nei de stof dien. In tal jierren ferlyn waard de stof ek ûndersocht yn ’e raazje mei de plastic Scoubidou-triedsjes. Uteinlik waard de stof as feilich ûnderfûn. Tim Edgar fan de Europeeske Ried foar Weakmakkers en  yntermediates (ECPI) reagearret skeptysk: “Earst moatte der wittenskippers dy’t op dit mêd ekspert binne, nei it ûndersyk sjen, foardat we in dúdlike beoardieling jaan kinne.” Hy seit dat der in soad ferskillende soarten ftalaten binne en dat de stúdzje him konsintrearret op de minder foarkommende soarten.

novimber 21, 2009 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.