Fangstkwotum mei treddepart omleech

novimber 20, 2009 08:44

It fangstkwotum fan Atlantyske blaufintonyn giet mei in treddepart omleech. Dat is besletten ûnder de jierlikse gearkomst fan de fiskerij-organisaasje ICCAT, wêrby 48 lannen oansletten binne. Ek waard it fangstseizoen oant ien moanne ta ynkoarte.  

Miljeu-organisaasjes hienen mei oandrang frege om it fangen folslein te ferbieden, om’t de fisk troch in oerskot oan fiskers en yllegale fiskerije driget út te stjerren. Neffens it Wereld Natuur Fonds binne de slachtstripe eksimplaren yn 2012 útstoarn as it sa trochgiet. De organisaasjes hawwe ICCAT om ‘e nocht frege oft de fisk as bedrige bistsoarte oanmurken wurde koe. Neffens ICCAT-foarsitter Fabio Hazin is it beslút op basis fan wittenskiplike advizen naam.

De ICCAT skerpe ferline jier it fangstkwotum foar de blaufintonyn al bot oan nei 19.950 ton. Takom jier mei der maksimaal 13.500 ton fong wurde, sa waard besletten nei tsien dagen fan gearkommen. De kâns dat de blaufintonynpopulaasje yn fyftjin jier tiid wer op peil is, is neffens Hazin troch de nije maatregels 60 persint. Miljeu-organisaasjes bestride dit. Hja sille de striid op ‘e nij oangean op de Cites-top yn Katar takom jier. Hja hoopje dat dêr in ferbod ynsteld wurdt op de hannel yn blaufintonyn.

novimber 20, 2009 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.