Facebook groepen fuortkaapt

novimber 12, 2009 05:14

De ôfrûne dagen binne hast al 300 Facebook groepen kaapt troch in groep mei de namme ‘Control Your Info’. Tiisdei wienen it al 286 groepen. Dêrby waard it logo fan de groepen feroare. Dêrneist waard de neikommende tekst yn eltse groep skreaun:

“Goeie, hjirby ferklearje wy dat dizze Facebook groep offisjeel kaapt is. Soks betsjut dat wy de kontrôle ha oer jo ynformaasje. As wy echt woenen, koenen wy jo imago slim skansearje. Wy koenen de groep dêr’t jo lid fan binne in oare namme jaan dy’t miskien net by jo groep past, bygelyks ‘Wy stypje pedofilen’. Wês mar net bang. Wy sille dat net dwaan.”

Neffens Control Your Info kin elkenien in groep oernimme, as de behearder fuort is. Dêrtroch hat de nije behearder tagong ta de persoanlike ynformaasje fan de groepsleden, de mooglikheid om groepsberjochten te ferstjoeren, en de ynhâld fan de groepside te feroarjen. Neffens Facebook wie der gjin riskiko dat fertroulike ynformaasje bekend wurde soe.

In wurdfierder fan Facebook seit: “Leden fan groepen sûnder behearder kinne harsels behearder meitsje. Behearders fan groepen hawwe gjin tagong ta fertroulike ynformaasje fan groepsleden en de leden kinne by de groep weigean as sy dat wolle. By lytse groepen kin in behearder de namme en groepsomskriuwing feroarje, diskusjes feroarje, en berjochten stjoere nei de leden. By grutte groepen is it net mooglik om groepsberjochten te ferstjoeren of dingen te feroarjen. As wy sjogge dat in groep ûnrjochtmittich feroare is, sille wy de groep fuorthelje.”

De inisjatyfnimmers fan Control Your Info sjogge harsels net as ‘hackers’. Sy sjogge it as it brûken fan besteande Facebook funksjes, en hawwe dat nei eigen sizzen dien om minsken te warskôgjen. Nei de aksje hat Facebook de akkounts fan de inisjatyfnimmers opsein, lykas de Facebook groep Control Your Info.

De Ried fan de Fryske Beweging hat gjin lêst hân op Facebook.

Sjoch ek:

novimber 12, 2009 05:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.