Europeesk Hôf ferbiedt krúsbylden

novimber 4, 2009 12:03

De ferplichte krúsbylden op steatsskoallen yn Italië binne yn striid mei de frijheid fan godstsjinst. Dat hat it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan de Minske yn Straatsburch fêststeld.

In Italiaanske frou hie by it Hôf klage oer de krusifiksen yn de leslokalen fan har bern. De bylden wienen neffens har yn striid mei har opfettings. Se wol dat har bern sekulier ûnderwiis folgje kinne. It Europeeske Hôf wie it dêrmei iens en de frou krijt in skeafergoeding fan 5000 euro.

Italiaanske politisy sprekke der skande fan. Minister Mariastelle Gelmini sei dat it byld fan Jezus dy’t stjert oan it krús in tradisjoneel symboal is en net in symboal fan it katolisisme. It hat al earder foar de rjochter west en doe hat Paus Johannes Paulus II sein dat it krusifiks in symboal is foar treast en hope, foar alle minsken fan alle tiden.

novimber 4, 2009 12:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.