Earste ‘BzV-baby’ is al op komst

novimber 30, 2009 06:58

Boer Richard hie net genôch brieven om mei te dwaan oan it programma ‘Boer zoek vrouw’, mar hy fûn dochs syn frou. Justerjûn makken hy en syn freondinne bekend dat der sels al in poppe op kommende wei is. Syn freondinne sei: Ik kaam by Richard op de pleats, en soe mar ien dei bliuwe, mar ien dei waard twa dagen, trije dagen ensfh. Ik bin net wer fuortgien.

Boer Wietse út Fryslân giet noch altyd mei Neeltsje út Warkum. Mar se wenje noch net byinoar. Neeltsje woe dat wol hiel graach mar Wietse brûkt neffens himsels syn ferstân. Pas nei de ferbouwing komt Neeltsje by Wietse te wenjen.

Dit jier hawwe alle fiif boeren dy’t meidwaan mochten in frou fûn. Dizze seary wie in grut sukses. Der binne plannen om in nije seary te meitsjen.

novimber 30, 2009 06:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.