Drachtster mei fjoerwapen yn auto
Resint ferskynd
Aginten dy’t har omgong makken seagen yn de Ljurkestrjitte yn Drachten in fertochte auto. De bestjoerder krige in stopteken en der folge in kontrôle. De bestjoerder krige fan de aginten it fersyk om syn kentekenbewiis te pakken. De bestjoerder iepene it dashboardskastke en de aginten seagen in fjoerwapen lizzen. De bestjoerder en de byriders waarden doe oanholden. De byriders wurken net mei en de aginten moasten dan ek geweld brûke om de twa yn de hânboeien te slaan. De trije waarden dêrnei nei it polysjeburo oerbrocht. It wapen is yn beslach nommen. De bestjoerder sit noch fêst. De byriders mochten it buro ferlitte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje