Dokke foar files Rânestêd?

novimber 25, 2009 06:46

Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat komt mei de kilometerpriis. Dat hâldt yn dat de motorreaubelesting en de oanskafbelesting (BPM) ôfskaft wurdt. Yn it plak dêrfan komt der in kilometerpriis foar eltse kilometer dy’t yn Nederlân riden wurdt, fan autodyk oant wenhiem. Neffens de minister fan Ferkear en Wettersteat sille de opbringsten út de kilometerpriis net heger wêze as de ‘âlde’ belestingen byelkoar. Dêrtroch giet 59 persint fan de automobilisten der yn it nije systeem op foarút, sa seit it ministearje. It tal files giet midstroch, it tal ferkearsdeaden soe ôfnimme en de útstjit fan CO2 soe mei 10 persint ôfnimme. Auto’s wurde troch it ôfskaffen fan de BPM 25 persint goedkeaper. It trochsnee taryf foar persoane-auto’s ûntjout him fan 3 sint de kilometer yn 2010 ta 6,7 sint de kilometer yn 2017. Sjoch www.kilometerprijs.nl

Wat betellet de Fryske automobilist aansens oan kilometerheffing, neffens automobilisten út ’e Rânestêd? Dat sil deputearre Piet Adema fan Ferkear en Ferfier ûndersykje. It moat net sa komme dat it lanlik gebiet no mear betelje moatte soe om’t der net oeral in dekkend Iepenbier Ferfier netwurk is, neffens de provinsje.
Minsken út lytsere doarpen yn Fryslân moatte in soad kilometers meitsje om bygelyks nei it wurk te gean of om boadskippen te dwaan. It soe neffens de provinsje ûnearlik wêze as de kilometerpriis foar harren betsjutte soe dat se mear betelje sille. Dêrby komt dat de ynwenners fan doarpen neist de ekstra kosten ek mei slûpferkear te krijen ha.
De ynfiering fan de kilometerpriis soe der nammers foar soargje kinne dat minsken minder gebrûk meitsje fan de autodyk en mear fan de lytsere dykjes, om’t dat in tal kilometers skeelt. Al it wurk dat de provinsje al jierren stekt yn it bondeljen fan ferkearsstreamen, kin troch de kilometerheffing op dizze wize teneate dien wurde, binne se bang foar. “Wy ynvestearje no krekt yn diken om de ferkearsfeiligens en de leefberens fan it plattelân oerein te hâlden”, sa seit Adema.

De mindere foarsjenningen op it mêd fan iepenbier ferfier is neffens kritisy nòch in reden dat minsken dy’t yn in lanlik gebiet wenje, beneidiele wurde troch it nije belestingssysteem. Adema sjocht dat ek: “Wy wolle graach minsken yn it iepenbier ferfier (IF) krije, mar realiteit is dat krekt yn ús plattelânsprovinsje de auto needsaaklik bliuwt”.
In oplossing oppere troch û.o. de FNP is in spesjaal taryf foar de Fryske diken. Oft dat derfan komme kin, moat noch bliken dwaan. De ûnderhannelings tusken it Ryk en de Provinsje moatte noch begjinne. “As Fryslân binne wy net de iennichste provinsje mei lanlik gebiet. Ik wol graach yn ’e mande mei oare lanlike provinsjes mei de minister yn petear om in fariabel taryf foar it lanlik gebiet te krijen”.
Neffens de deputearre sitte der noch in pear nuveraardichheden yn it wetsfoarstel. Hybride auto-eigners betelje fan 2010 ôf gjin wegebelesting mear, mar as de kilometerheffing der komt, moatte se dy wol wer betelje. Ek foar de grize kentekens kin de priis wolris heger útpakke as no, in minne saak foar û.o. it MKB.

novimber 25, 2009 06:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.