‘Die Twa’ yn de top-40

novimber 30, 2009 06:55

It duo Die Twa sjocht hielendal gjin beheiningen yn it feit dat se allinnich mar yn it Frysk sjonge. Neffens de manlju wurket it sels yn harren foardiel. Wy krije in protte positive reaksjes. De twa manlju timmerje al in pear jier mei suskes oan de dyk as feestduo. De omslach nei eigen nûmers is twa jier lyn begûn. Yn in radiostudio belâne it duo mei harren debútsingel by platemaatskippij Diesel Joy Records. Dy hearden it ferske en joegen daliks in platekontrakt. De earste singel waard in beskieden hit yn de Singel top-100. Mar de lanlike DJ’s waarden no wol bekend mei Die Twa. De twadde singel ‘Famke fan myn dreamen’ hat foar de definitive trochbraak soarge. It nummer hat heech op de hitlisten stean.

Op dit momint stiet it nûmer Fûgels op nûmer 10 yn de tophûndert. Minsken binne wyld fan Die Twa en meie graach hearre nei de nûmers dy’t se sels skriuwe en meitsje.

novimber 30, 2009 06:55
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Roel Wytse novimber 30, 17:03

    Dochs spitich dat dy twa net witte hoe’t hja ‘dy’ staverje moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.