De minske is de oarsaak

novimber 5, 2009 16:28

Minsken soargje faak foar it útstjerren fan plante- en bistesoarten. Dat blykt út de nije reade list fan de IUCN dy’t op 3 novimber útbrocht is. De list ferskynt jierliks en jout in oersjoch fan de status fan plante- en bistesoarten oer de hiele wrâld.

Skokkend punt is dat 30 persint fan de amfibyen op it punt fan útstjerren stiet. Hast 70 persint fan de ûndersochte planten en 37 persint fan de swietwetterfisken wurdt bedrige. It tempo fan it ôfnimmen fan bisten en planten is in direkt gefolch fan minsklik hanneljen. En it tempo giet hieltyd flugger. Yn foarbyld is de Kihansi Spray Toad. In podde dy’t allinnich foarkomt yn de omkriten fan de Kihansi wetterfallen yn Tanzania. Dy podde stiet samar op útstjerren. Soks trochdat der in nije daam boud is. Dy daam soarget derfoar dat der 90 persint minder wetter is.

Fan de 47.677 plante- en bistesoarten dy’t op de list steane, wurde likernôch 17.291 mei útstjerren bedrige. 869 soarten binne al útstoarn of komme allinnich noch foar yn finzenskip. Yn 2002 hawwe wrâldlieders yn Johannesburch ôfpraat dat it ferlies fan biodiversiteit yn 2010 fermindere wurde moast. Dy reade list lit sjen dat de doelen op gjin stikken nei helle wurde.

WNF achtet it frjemd dat der rêstich konferearre wurdt oer doelstellings dy’t dochs net helle wurde. It útstjerren fan soarten lykas de iel en de tiger moat yn in grutter ferbân sjoen wurde. It is in graadmeter foar de rôfbou dy’t wy dogge op dizze ierde. De ekologyske krisis liedt ta in tekoart oan drinkwetter, rein en soerstof.

De konsumint kin ek bydrage oan it ferbetterje fan de ierde. It binne mar lytse beslissings dy’t soargje foar grutte feroarings. Fier bygelyks fakânsje yn eigen lân, yt ris in dei gjin fleis, keapje hout mei it FSC-merk en yt goede fisk.   

 Boarne: WNF

novimber 5, 2009 16:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.