Boekpromoasje: Tantalus
Resint ferskynd
Oer it boek Tantulus, Leafde en yntriizje yn Egypte: ISBN: 978 90 8954 119 2
Fayda is in tige selsstannige frou, dy’t wit hoe’t se manlju, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Nei de dea fan syn soan en syn frou is er noch fierder ferhurde as dat er al wie en lit er de opfieding fan syn dochter oan syn broer Sabaan oer. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Hy hat in sterk karakter, mar in swak foar syn omkesizzer. Fayda folget in oplieding yn Frankryk en as se weromkomt, lûkt se by har omke Sabaan yn op in grut jacht. Omke en omkesizzer ha in ynlike bân, wêrby’t Fayda him ta it uterste driuwt.
De plysje besiket om bewizen fan smokkelhannel te sammeljen om de lieders fan it Kartel te ûntmaskerjen. Dat soarget foar ferrassende ûntjouwingen dêr’t it libben fan in tal kaaifigueren by op it spul komt te stean.
Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende debútroman, dat se in betûft ferteller is, dy’t út in grutte ferbyldingswrâld putte kin.
Tantaluskwelling: in kwelling feroarsake troch in langstme nei eat dat tichtby en dochs ûnberikber is.
Oer de schriuwster:
is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei de Gordyk brocht. Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dat te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen.
Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen. Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate ferhalebondels. Te witten:
De Sinnemoarden yn: 20 Simmerferhalen – 2000.
De Mediamoarden yn: 21 Nije Fryske winterferhalen – 2001.
Gifslang yn it paradys yn: De Riedsels fan it hert – 2003.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje