Algemiene gearkomste fan de KNKB

novimber 28, 2009 18:17

De algemiene gearkomste fan de KNKB hat besletten om it bûnsburo te ferpleatsen fan Frjentsjer nei it Hearrenfean.

Ynterim direkteur Rene Lammers joech taljochting op de húsfestingsplannen. De kosten fan gearkomsten sille mei de ferhuzingen minder wurde. It fersyk om subsydzjes is troch de provinsje goedkard. De Algemiene Gearkomste gie akkoard mei it útstel.

It tekoart fan 80.000 yn de begrutting hat foar it measte praat soarge. It haadbestjoer krige inkele suggestjes mei foar in besinningsoperaasje. Lykas: tribuneferhier, eigen bydrage medyske kosten, bydrage training.

Tsjummearum die it fersyk oan it haadbestjoer om de kar fan de wedstriidbal foar de jongerein te ûndersykjen. It haadbestjoer folget de ûntwikkelingen. Frjentsjer wol graach it Nederlânsk kampioenskip foar junioaren yn augustus organisearje. Dat útstel dienen sy mei de motivaasje dat de junioaren it hiele jier dan aktyf bliuwe soene.

Oan de ein fan de jûne waard ôfskied naam fan bûnsdirekteur Frans Dijkstra. Dijkstra waard beneamd ta lid fan fertsjinste fan de KNKB.

Boarne: http://www.knkb.nl/

novimber 28, 2009 18:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.