AH wol wet op duorsume produkten

novimber 1, 2009 10:59

Neffens Supermerkreus Albert Heijn moat de oerheid de merk foar biologyske en fairtrade-produkten stimulearje. Se moat foar in trochbrek soargje. Docht se dat net, dan bliuwe de duorsume produkten in marzjinaal ferskynsel, is Albert Heijn fan betinken.

Albert Heijn hat sels al ferskillende kearen besocht om de konsumint oan duorsume produkten te krijen. Mar neffens de wurdfierder slagget it net echt. Wy binne in grutte spiler op de merk, mar alle spilers moatte meidwaan, oars wurdt it neat. Albert Heijn is efter de skermen al jierren dwaande om mei oare partijen ôfspraken te meitsjen om produkten duorsumer te krijen.

AH hat krektlyn in puur en eerlik etiket yntrodusearre. Soks om alle duorsume produkten ûnder ien etiket te krijen. Dan reitsje minsken net mear yn betizing. Neffens AH is dit in druppel op in gloeiende plaat. De oerheid moat bettere wetjouwing oplizze en dan wurdt it pas echt wat mei de duorsume produkten.

novimber 1, 2009 10:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.