Wurge brêge fernijd

novimber 4, 2009 21:50

Bureau Angenent en Hurks Beton sleepten op 13 oktober de priis yn de wacht foar “Renovatie stalen bruggen met minder verkeershinder”. Fan de 165 ynstjoeringen hellen tsien de lêste rûnte. “Tusken alle juweeltsjes sit ien dy’t der út springt” neffens juryfoarsitter Jeltje van Nieuwenhoven.

Bysûnder oan de oplossing fan Angenent/Hurks Beton binne de yn it foar makke (prefab) panelen fan ultrahegesterktebeton (ushb). Troch in stielen brêgedek oant op de millimeter te skennen en de data yn in cad-ûntwerp yn te fieren, is it mooglik in mal te meitsjen foar elke ôfsûnderlike plaat. De platen wurde yn in fabryk ûnder kontrolearre omstannichheden produsearre.

Rykswettersteat hat al inkele brêgen dy’t mei stielwurgens kampten fan in hegesterktebetonlaach fersjoen. Mar dy oanpak op it plak sels jout mear kâns op holtes yn it beton of problemen mei de sljuchtens en de stroefheid fan it nije weidek. Boppedat duorret dat wurk lang en soargje de (gedeeltlike) brêgeôfslutingen foar fileleed by de autoriders.

Yn it ûntwerp fan Angenent en Hurks Beton lizze sy de krekt op maat makke betonpanelen op it stielen brêgedek, neidat it âlde asfalt ferwidere is en de oerflakte fan it stiel skjin strield is. Dan wurdt it stiel earst mei in ruosttsjingeande ‘primer’ behannele. Lizze de panelen ien kear te plak, dan sûge de brêgefernijers paneel foar paneel fakúum om dêrnei in epoksy luchtticht tusken it stiel en it beton oan te bringen. Neidat dat goed hurd wurden is, is dat brêgediel klear. De naden tusken de panelen wurde mei kit en rêchfolling ôfwurke.

In fernijing as de “wurge” Hagesteinsebrêge (A27 by Vianen), dêr’t dizze simmer fiif wiken oan wurke is om op it plak sels in hegesterktebetonlaach oan te bringen, soe mei de cad-prefabmetoade yn tretjin dagen dien makke hawwe kinnen, sizze de ûntwerpers.

Foar it skennen fan it brêgedek brûke Angenent en Hurks Beton warrelstreammjittingen (Eddy Current) troch it asfalt hinne. In spoel boppe it weidek feroarsaket warrelstreamen yn it stielen brêgedek. Mei wikseljende magneetfjilden is it stielen oerflak op in heale millimeter yn kaart brocht. Oanfoljende mjittingen wurde dien mei boaringen en skuorkes wurde mei Crack-PEC-ûndersyk (lûdsweagen) ûndersocht; dat is ek net destruktyf.

De betinkers fan de ‘prefab-hsb-overlaging’ krigen by har ferkiezing ta bêste ûntwerp in priis fan fiifhûnderttuzen euro. Noch krekt sa’n bedrach is beskikber foar elke opsje dêr’t Rykswettersteat yndie yn fiif jier mei oan de slach kin om de oare stielen brêgen yn Nederlân op te knappen.

Boarne: Technisch Weekblad

novimber 4, 2009 21:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.