140 pjutteliedsters nei Tomke
Resint ferskynd
In soad liedsters fan pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen hawwe op 4 novimber dielnommen oan it Tomke-sympoasium. Dêr krigen sy ynformaasje en foarljochting oer ferskate saken dêr’t se yn harren wurk mei te krijen hawwe. Ek foar oare professionals dy’t mei jonge bern en harren âlden te krijen hawwe (bygelyks berneopfang, bibleteken en gemeenten) wie dat in moaie kâns om de lêste ûntwikkelings te fernimmen en nije kontakten te lizzen.
It tema wie “Ite & Bewege”. Op it program stienen presintaasjes en wurkwinkels. Neist ynsjoch yn de matearje (bygelyks “is overgewicht erfelijk?”) gie it foar de liedsters foaral om de tapassing yn harren deistich wurk mei pjutten. Ferskate organisaasjes hawwe foarljochting jûn en dielden op de ynfomerk brosjueres út. Fansels waarden der ek wer in soad nije materialen oantúgd, lykas de Tomke-fingerpopkes.
It Tomke-barren wie middeis op ’e Jouwer en jûns yn Burgum. Der kamen sa’n 140 dielnimmers op ôf. It Tomke-sympoasium is in inisjatyf fan de Tomke-wurkgroep en wurdt organisearre troch CMO-Partoer-Fryslân. It doel is om yn novimber 2010 wer in sympoasium te hâlden. Ferskate dielnimmers hawwe op it evaluaasjeformulier al suggestjes trochjûn foar nije ûnderwerpen.
Tomke is in Frysktalich projekt foar taal- en lêsbefoardering, spesjaal foar bern oant 4 jier. Mear ynformaasje is te finen op www.tomke.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje