Yslân dwaande mei Icesave-wet

oktober 18, 2009 11:30

De begruttingskommisje yn Yslân komt gear om oan de nije Icesave-wet te wurkjen. Yslân moat jild werombetelje oan Nederlân en Ingelân. Dizze nije wet moat dat goed regelje. Dat hat de Yslânske krante Morgunbladid sein.

Yslân hat al earder in akkoard sletten mei Nederlân en Ingelân oer de kompensaasje foar dupearre sparders fan Icesave. Mar it parlemint yn Reykjavik paste de oerienkomst oan. It stelde limiten oan it bedrach dat oan de sparder werombetelle wurde moatte soe. Nederlân en Ingelân hawwe dêr beswier tsjin. Salang’t Nederlân en Ingelân beswier hawwe, kin it YMF gjin jild oan it eilân jaan.

De regeling dy’t Yslân mei Nederlân en Ingelân hat, is net populêr op it eilân. Neffens de Yslanners wurde sy de dupe fan de hege hearen dy’t tochten dat se maklik jild ynklauwe koenen.

oktober 18, 2009 11:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.