Yslân betellet bankskuld werom
Resint ferskynd
It regear yn Yslân hat de Icesave-wet oannaam. Dêrtroch krije Grut-Brittanje en Nederlân harren jild werom. Sa’t de ministerpresidint Jóhanna Sigurdardottir yn Reykjavik sei, sil de Minister fan Finansiën hjoed syn goedkar jaan. As dat dien is, moat Reykjavik oant 2024 de beide lannen werombetelje. De kosten binne 3,8 miljard euro yn ‘t jier, dat is sa likernôch in twa-tredde part fan de steatsbegrutting.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje