Wrâldwide klimaataksje

oktober 26, 2009 00:17

Sneon 24 oktober wie troch de ynternasjonale aksjegroep ‘350’ útroppen ta wrâldwide aksjedei foar it klimaat. Neffens de organisaasje sels hat harren oprop laat ta de meast wiidfersprate miljeu-aksje ea, mei 5200 eveneminten yn 181 lannen. Yndied stean der op de webside www.350.org foto’s by de rûs dy’t derfan tsjûgje dat rûnom op ‘e wrâld klibers minsken omtinken frege ha foar de klimaatkrisis.

4041068328_790691a2f4

Op ‘e foto it klimaatbarren yn El Tajín, Meksiko (boarne: 350).

De aksjegroep ropt it minskdom op om de konsintraasje koaldioksyde (CO2) yn de atmosfear werom te bringen nei 350 partsjes de (per) miljoen luchtdieltsjes (ppm). Yn ‘e polityk wurdt op it heden noch praat oer 450 ppm as doelstelling, mar nij ûndersyk wiist út dat dy konsintraasje wolris te heech wêze kin. Omdat it gefaar te grut is – “Der is gjin planeet B” is bygelyks it boadskip op it strân fan New Brighton yn Australië – pleitsje de aksjefierders derfoar om de CO2-konsintraasjetrend, fan likernôch 275 ppm foar de yndustriële revolúsje oprûn nei op it heden omtrint 390 ppm en fierder tanimmend mei 2 ppm it jier, om te bûgjen.

De Nederlânske aksje sette útein op it Museumplein yn Amsterdam, mei it dûnsjen fan ‘350 nu’ – sjoch it filmferslach op http://www.youtube.com/watch?v=of9_t0Tt8x0 – folge troch in ‘klimaatmars’ nei it Lieverdje op it Spui dêr’t taspraken wienen. De opkomst foel wat ôf. It doel om wie it boadskip mei 350 minsken te foarmjen, mar op ‘e foto binne mar 288 teld. Ien fan de organisaasje reagearre lakonyk: “mei 288 ppm yn de atmosfear haw ik gjin inkel probleem”. In fotoferslach fan de Nederlânske klimaataksje stiet op www.klimaatactie.nu.

Men soe hast sizze, de polityk wol wol om lyk: de EU-miljeuministers binne it krekt ôfrûne wike yn de tarieding foar de wichtige klimaatkonferinsje yn desimber yn Kopenhagen iens wurden oer in grouwélige CO2-útstjitreduksje fan 80 oant 95 %, ferlike mei 1990. Lykwols is dat pas it doel foar it jier 2050 en binne de EU-ministers foar finânsjes it noch net iens oer de sinten. Ûnderwilens wurdt yn de Feriene Steaten ynearsten ek noch drok diskusjearre en sjogge de minder ûntwikkele lannen earst ris ta hoe’t de rike Westerske kat út de beam kneppele wurdt. It wurdt noch spannend, yn Kopenhagen.

oktober 26, 2009 00:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.