‘Wy nimme Grinslân oer’
Resint ferskynd
Fryslân wurdt grutter en Grinslân lytser. Fryslân kocht yn 2005 770 hektare fan Grinslân. Dit jier nimt Fryslân opnij in hektare oer.
Yn 2005 hat Fryslân 274.000 euro betelle foar it oernimmen fan 770 hektare grûn en wetter yn de waadsee. Waadeilân Skiermûntseach wie opskood nei it easten. It lei foar in diel yn Grinslân. By kalamiteiten soe it ta swierrichheden komme kinne. It is dan net dúdlik wa’t de lieding hat.
No nimt Fryslân wer in hektare grûn oer. Dizze kear by it grinsdoarpke Strobos. Dat is nedich wurden trochdat it Van Strakenborgkanaal oanpast is. Dêrtroch rint de provinsjegrins ûngelokkich, wêrtroch’t der ûndúdlikheid is, mochten der kalamiteiten wêze. Grinslân is akkoard mei dit ferlies.
Wurdfierder Marcel de Jong makke de grap dat Fryslân krekt sa lang trochgiet oant wy hiel Grinslân hawwe.
Ferjit Strobos net, dat begjin jierren ’90 noch foar in part yn Grinslân lei en no yn syn gehiel fan Fryslân is.
In protte nasjonalistyske Grinslanners sille hjir net bliid mei wêze :P. Is it in soarte ferlet Frysk kolonialisme of sa?
@Readekrêft, wat is de definysje fan nasjonalistyske Grinslanners ?