Warkum yn aksje
Resint ferskynd
De ynsammelaksje foar in tredde adopsjeberntsje foar de Warkumer famylje Postma rint as it spoar. Yn noch gjin twa moanne tiid krigen de oanjagers Robert en Ellen de Ringh al 18.000 euro binnen. Der is noch mar 7.000 euro te gean. Sjoerd en Joke reizgen fan ’t simmer nei Etiopie om harren dochter – mei de namme Gallyon – op te heljen. Mar it famke wie slim siik en ferstoar trije dagen letter. De famylje wie der kapot fan. Omdat de famylje gjin jild hat foar in tredde adopsjebern hat it befreone pear De Ringh in aksje op tou setten. De famylje Postma fynt it geweldich, it makket harren ferlegen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje