FN-lidsteaten ûndertekenje protokol
Resint ferskynd
- NASA kiest SpaceX foar moannelâningen 0
- Set in hantekening foar “it behâld fan de eigenheid fan regio’s” 1
- Priisfraach: toerisme sûnder barriêres yn Nederlânsk en Dútsk Waadgebiet 0
- Harkje nei ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch op Atlantikwall-lokaasjes 0
- Regear wol werom nei normaal yn seis stappen (mei datums!) 2
Goed nijs: op 24 septimber is yn New York it opsjoneel protokol by it ferdrach oangeande ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten foar ûndertekenjen oanbean oan de lidsteaten fan de Feriene Naasjes (FN). Heal oktober hiene likernôch tritich steaten dit protokol ûndertekene.
Dat hat grutte betsjutting foar de mooglikheid om de neamde minskerjochten ôf te twingen, omdat minsken waans rjochten skeind wurde (faak guon dy’t yn earmoed libje en diskriminearre wurde, en op nasjonaal nivo nearne terjochte kinne) dêr in klacht oer yntsjinje kinne by in VN-komitee. Foar de boargerlike en politike rjochten bestie sa’n klachterjocht al.
Goed trijehûndert NGO’s út 111 lânnen, dêr’t Amnesty ek by heart, stypje it protokol. Minder goed nijs is dat Nederlân(noch) net ta de ûndertekeners heart. Amnesty sil him derfoar ynsette om dêr gau feroaring yn oan te bringen. Buorlân België spile in foartrekkersrôle by de ûnderhannelingen oer it protokol en hat dy rôle befêstige troch it protokol as ien fan de earsten te ûndertekenjen.
Boarne: ‘wordt vervolgd’ (Amnesty Nederland)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje