Twadde taal kin net útset wurde

oktober 28, 2009 12:57

Sa gau’t minsken in twadde taal leard hawwe, kinne se dy net mear útskeakelje; ek net as se har memmetaal brûke. Dat is in goede saak, want de kennis fan sa’n twadde taal makket it lêzen van in tekst yn de eigen taal makliker, docht bliken út in ûndersyk fan Eva van Assche fan de Universiteit Gent  (België).

Yn it fakblêd Psychological Science rapportearren Van Assche en har kollega’s fan de fakgroep Experimentele Psychologie dat minsken net by steat binne om yn harren memmetaal in tekst te lezen, sûnder dat de kennis fan in twadde taal dêr aloan by om it hoekje komt. Dat wie in bytsje ferbazend, want psychologen gyngen der oant no ta fan út dat ús harsens by steat binne om in twadde (of in folgjende) taal  op non-aktyf te setten, as wy wat yn ús memmetaal lêze of fertelle.

Mei 45 fan oarsprong Nederlânsktalige studinten dy’t ek it Ingelsk machtich wiene, diene Van Assche en har kollega’s ûndersyk nei de ferwurking fan wurden dy’t yn foarm en betsjutting yn beide talen itselde of gelyk fan aard binne, lykas oven/oven, piloot/pilot, schip/ship, schaap/sheep.  Ut mjittingen fan eachbewegingen die bliken dat de proefpersoanen by it lêzen fan in Nederlânske tekst minder lang by sokke wurden hingjen bleauwen as by wurdfoarmen dy’t útslutend yn it Nederlânsk bestean (foarbyld: eend/duck).

Neffens de Gentse psychologen wiist dat derop dat de talen dy’t wy machtich binne net ûnôfhinklik fan elkoar operearje, mar krekt konstant op elkoar ynwurkje. Wurden dy’t yn ús înthâld yn ferskate talen beskikber binne, litte har troch ús harsens makliker aktivearje. Dat wol sizze dat in twadde of folgjende taal hieltyd meilêst, ek as immen in tekst yn syn memmetaal oan it lezen is. “Wa’t in twadde taal leart, sil noait syn krante noch op deselde wize leze”, neffens de ûndersikers yn Psychological Science: “Wat oant dan in automatisme like, nammentlik it lêzen en begripen fan de memmetaal, feroaret der folslein troch.

Boarne: De Standaard

oktober 28, 2009 12:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.