Talinten ûntdekke yn Biblioteek

oktober 6, 2009 16:12

Woansdei 28 oktober jouwe Jose Jansen en Stefan Boorsma, beide wurkcoaches fan it UWV Wurkbedriuw Drachten, in Talinteworkshop yn de Biblioteek yn Burgum.

De workshop jout de dielnimmers ynsjoch yn harren eigen kinnen. De iene kin goed organisearje, de oare hat gefoel foar technyk en wer in oarenien kin tige mei bern omgean. Sok ynsjoch kin de earste stap wêze om te sykjen om wurk dat goed by jin past.

De tagong ta de workshop is fergees. Dielnimmers moatte harren wol foarôf by Biblioteek Burgum opjaan. Sjoch www.biblioteekburgum.

oktober 6, 2009 16:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.